Griene Tsjerkejûn 18 novimber

Griene Tsjerkejûn 18 novimber om 19.30 oere yn de Lantearne
Dringelstritte 13 Akkrum
Der stiet wer in moai programma foar jimme allegearre klear mei
nije ynformaasje en bypassende muzyk.

  1. Wolkom en ynlieding troch Gosse en Rein
  2. Hinke Keulen en Eize van der Sluis, it duo Klonje. Sy sjonge oer
    leafde, bliidskip, en natuermystyk. Se begjinne mei “Sit net yn noed”
    en “It grien fan de simmer.
  3. Dan fertelt Jan Hofsteenge as túnranger oer it klimaat, de
    achterútgong fan ynsekten, gefolgen foar fûgels, foar blommen, de
    druk op it ferskaat, mei bylden.
  4. Pauze en dan sjonge wy mei de trekzak “De wâldsang”,
    “Simmermoarn”, “Friesenliet”. en “De maaitiid”.
  5. Jan fertelt oer : Wat kinne wy dwaan. Mear grien yn ús tún,
    ynlânske planten, foarbylden. Stel ek fragen oer dyn tún.
  6. Wy slúte ôf mei sjongen en spyljen: “De Fisker”, “Himelliet “ en
    “Ierdeljocht.”
    Sa kin it in ynspirearjende jûn wurde om sa noch mear omtinken
    oan de skepping te jaan.

Gosse Wielinga , Baukje Kingma, Hyltsje Hilverda en Rein Huitema